12 april om 15:30

Ald en (Heal) wiis?

Gurbe Douwstra en Jan de Vries

Muziek

It nije teater-lietsjesprogramma fan Gurbe Douwstra, *Ald en (heal)wiis?*, giet oer âlder wurde, wiisheid en de drôge humor fan it libben. As sântiger fielt hy him jong fan hert, mar is hy wol echt wizer? Mei help fan Jan de Vries bringt er yn in smûke setting nije lietsjes, ferhalen, anekdoates en bekende hits út syn karriêre. In programma fol emoasje, refleksje en in knypeach nei it âlder wurden.


Kaartprijs: € 18,50