12 januari om 15:00

De Man fan dyn Libben

Jan, Marijke en Anke

Friestalig

De man en de frou binne al mear as 20 jier in stel as de frou sa siik wurde dat mei it slimste rekken hâlden wurde moat. Sy set in kontaktadvertinsje om har man nei har dea net allinnich wêze te litten. As in frouminske dat reagearret op de advertinsje binnen komt, begjint de betizing. 

Kaartprijs: € 23,50

JM Teaterwurk komt yn oktober 2019 mei in nij stik. It is in Fryske bewurking fan “De Man van je leven” fan Arthur Japin.

Njonken Marijke en Jan fan JM Teaterwurk docht ek Anke Bijlsma mei. It stik giet oer de relaasje tusken trije minsken. De man en de frou binne al mear as 20 jier in stel as bliken docht dat de frou sa siik is datmei it slimste rekken hâlden wurde moat. Sy set in kontaktadvertinsje yn de krante om har man nei har dea net allinnich wêze te litten. As in frouminske dat reagearret op de advertinsje binnen komt, begjint de betizing.

Gastspylster Anke Bijlsma is ûnder oaren aktrise by teaterstifting Achmea Culpa, programmeur by de Garnalefabryk fan Moddergat en is dernjonken produksjeliedster en regisseur by ferskate selskippen. De regy fan it stik, dat Japin makke as bewurking fan syn boek mei deselde namme, is yn hannen fan Bruun Kuijt.
 

Kaartprijs: € 23,50

Op de hoogte blijven?

Schrijf u in voor onze nieuwsbrief en ontvang updates over ons programma, kortingsacties en meer…