25 oktober om 20:15

Oer Alles Eppie Dam

Muziek

Oer Alles – Eppie Dam

 

Sûnder mis is Eppie Dam (1953) ien fan de produktyfste dichters/skriuwers fan ús tiid, mei in grut en alsidich oeuvre: berneboeken, tienerromans, gedichten, koarte ferhalen, biografyen fan sporthelden, lieten en kollums. Folle net genôch. Dêrom organisearret de Academie van Franeker in grut evenemint om it wurk fan dizze Gysbert Japicxpriis-winner hinne: “Oer Alles – Eppie Dam”.

 

Yn de Franeker Bibliotheek kin men mei Arjan Hut, Dichter fan Fryslân, gedichten oer bisten meitsje yn de trant fan Eppie Dam. Of besjoch ris de Eppie Dam-útstallingen yn de Bibliotheek en Museum Martena.

 

Om 16.00 oere is der yn de Koornbeurs in programma dêr’t û.o. Dam syn autobiografy Pompster psalmen oanbean wurdt. Abe de Vries jout in lofrede. Ofsluter is de premjêre fan in portret fan Eppie Dam dat FryslânDOK spesjaal foar dizze dei makke hat. Eltsenien is wolkom, tagong fergees.

 

Jûns is der in bûnt programma fol ferdivedaasje ynspirearre troch teksten fan Eppie Dam: It Seewyn-bernekoar û.l.f. Trudy Baard fiert Fjouwer dappere mûskes op. Inez Timmer mei combo sjongt û.o. Joni Mitchell en Graham Nash, it Fryske folktrio Paddy’s Day Off bringt Ierske balladen, allegear yn oersetting fan Dam. Dit alles wurdt ôfwiksele mei in optreden fan Arjan Hut, libbene kollums troch Bert Looper, Liuwe Westra en Anna Marije Bloem, en wurk fan studinten fan CSG Anna Maria van Schurman. Foar in folslein programma, sjoch hier.

 

Kaartpriis: € 17,50. Studinten en skoalbern fergees op fertoan fan studintekaart of ID.


Kaartprijs: € 17,50