Ynformaasje A-Z
Begjintiden
Jûnsfoarstelling: 20.15 oere.
Jûnsfoarstelling: 20.15 oere.
Matineefoarstelling: 15.00 oere.
Famyljefoarstellings: 15.00 oere of 19.00 oere.
Ofwikende tiden wurde yn de programmabrosjuere en op de yntreekaart oanjûn.
Algemiene besikersbetingsten
Theater de Koornbeurs ferklearret de algemiene besikers betingsten fan de VSCD fan tapassing.
Byld-en lûdsopnamen
It is net tastien om byld- of lûdsopnamen te meitsjen sûnder tastimming fan de direksje.
Betelje by bestelformulier
Fia in automatysk ynkasso yn ien termyn.
Fia in automatysk ynkasso yn fjouwer terminen fan € 100,00 ôf.
Betelje by frije ferkeap
Kontant, pinbetelling en automatysk ynkasso fan 1 septimber 2008 ôf.
CKV-voucher
De vouchers wurde ferrekkene mei de tagongspriis.
Konsumpsjes
It is net tastien om meinommen konsumpsjes te nuttigjen of konsumpsjes mei te nimmen yn de teaterseal.
Konsumpsjemunten
Mei yngong fan 1 july 2008 sil Theater de Koornbeurs syn hoareka-tariven oanpasse.
Konsumpsjemunt € 1,85.
Garderôbe
Wy beskikke oer in garderôbe sûnder tafersjoch en rekkenje gjin garderôbekosten. Theater de Koornbeurs is net oanspraaklik foar fuortreitsjen, skea oprinnen of dieverij fan guod.
Groepsarranzjeminten:
It is mooglik om yn groepsferbân te reservearjen foar foarstellings.
It is mooglik om yn groepsferbân te reservearjen foar foarstellings.
Lokaasje
Theater de Koornbeurs
Noord 2
8801 KP Frjentsjer
Yntreekaart
Jo kinne by ferlies fan jo yntreekaart by de kassa in kopykaart krije. Per kaart rekkenje wy € 2,00 servicekosten.
Koarting
Op fertoan fan in jildige legitimaasje kinne 65-jierrigen of âlderen of hâlders fan in CJP-pas 10% koarting krije op de tagongspriis, mei útsûndering fan foarstellings dêr't gjin koarting op mooglik is.
Letkommers
Kom op ’e tiid. Te let komme is steurend foar it publyk en de artyst. Nei oanfang wurde jo der allinnich yn litten wannear't dat om de foarstelling kin.
Mobile telefoan
Jo binne ferplichte om jo mobile telefoan hielendal út te setten as jo de teaterseal yn geane.
Iepeningstiden kaartferkeap
Fan 1 septimber 2008 o/m 31 maaie 2009 is de kassa fan Theater de Koornbeurs iepen fan tiisdeis o/m sneons fan 13.00-17.00 oere en ien oere foar it begjin fan de foarstelling. Op algemien kristlike feestdagen is de kassa ticht.
Parkearjen
Jo kinne fergees parkearje op it parkearplak oan de Ljouwerterdyk of de Hertog van Saxenleane. It is dêrwei 5 minuten rinnen nei it teater. Yn de binnenstêd fan Frjentsjer kinne jo tsjin betelling parkearje.
Postadres
Theater de Koornbeurs
Postbus 97
8800 AB Frjentsjer
8800 AB Frjentsjer
Plaktawizing
Wy wolle graach foldwaan oan jo winsken wat de plaktawizing yn de seal oanbelanget. Jo kinne dat op it bestelformulier kenber meitsje.
Roken
Yn Theater de Koornbeurs mei net rookt wurde.
Teaterbonnen
Teaterbonnen binne te krijen foar:
€5,00 - €7,50 - €12,50 en €25,00.
Telefoan
Jo kinne ús telefoanysk berikke op nûmer
(0517) 39 63 63
Utferkochte foarstellings
Wannear't in foarstelling útferkocht is, meitsje wy 14 dagen foar de spyldatum in wachtlist oan.
Behindere
Oant ien 24 foar it begjin fan de foarstelling kinne jo jo yntreebewiis ynleverje foar in tegoedbon. Per yntreebewiis betelje jo €2,00 servicekosten. De tegoedbon is ien jier jildich nei deitekening.
Ferstjoerkosten
Dit binne de kosten foar it ferstjoeren fan de yntreekaarten. €3,50
Wizigingen en printflaters
Wizigingen en printflaters fan neamde foarstelling- en programmagegevens jouwe gjin rjocht op restitúsje.



